Poiesz jeugd sponser aksje 2

Sneon 2 april hawwe in oantal jeugdleden fan k.f. Jacob Klaver der foar soarge dat der gâns sponsor munten binnen helle binne. Under lieding fan Nynke Dijkstra hawwe bern in protte klanten der fan oertsjûgje kinnen dat de munten echt yn de Jacob Klaver buis moasten.

Jo seagen minsken mei in skean each sjen nei de oare kokers, mar de measten begrepen dat hja dizze warbere oansteande keatstoppers net teloarstelle koenen . By skoalle op it gersfjildsje hie Jelle in perk lein en fersoargen de bern ûnder lieding fan Nynke Gierman in keatsdemonstraasje We hawwe der fertrouwen yn dat dit it noadige opsmite sil en hawwe al foar € 500,00 keatsballen oanskaft. Ien fan de trainsters hie it keatsbistjoer ynflústere dat it bistjoer der foar soargje moast dat it noait oan it materiaal lizze mei. Nije wike moandei sette 4 trainers útein om goed 30 bern wer keatsles te jaan mei behelp fan nije keatsballen In slagge wolkomme aksje, mei tank oan Poiesz en de Jacob klaver bern.

Geplaatst op 05 April 2011